Wa’t tate seit moat ek whisky sizze (2008)
De dichtbondel, ynklusyf DVD mei films en muzyk, fan Sytse Jansma is ien fan de nijsgjirrichste poëzijdebuten fan de ôfrûne jierren. De dichter makket yn tige muzikale fersen in reis troch de tiid en de romte: fan de jungle yn Suriname nei in ferlerne leafde en it libben yn de havenstêd Harns.
oerwâldwurd
sinnestekswit
plysjefûgellûd
wetterflesserêst
papierbasthûd
bloedblêdsop
kûgeleamelderbyt
readeachswel
memmeboarstberch
brokkolyboskgrien
blauwe slipperyndiaan
kassavekoker
knyflokkoarste
tillefoanbeamgalm
skyldpodskyld
tapierbonkefluit
sûkerfingerbanaan
beamtyksprong
wurdboekwurd
Hidde Boersma opEnsafh schreef:Sytse Jansma hat yn syn debútbondel op linige wize fan alles útprebearre, konstanten dêrby binne de boartlik-absurdistyske ynhâld en de klam op klank, assosaasje en ritme.
Rieuwert Krol opEnsafh schreef:Boersma, Hidde (2009). Ik wit net hoe’t ik yn Harns in akster roppe moat. Geraadpleegd op november 2014, http://www.ensafh.nl/?p=1130
Mei Wa’t tate seit moat ek whisky sizze hat Sytse gjin maklike bondel skreaun, men moat der echt foar sitten gean en jin der miskien wol even ta sette. Dat docht Sytse mei sin. ‘Besykje hjir ek mar ris nei te sjen,’ seit er. Yn syn fersen wol er de kompleksiteit en de nuveraardichheden fan it libben en de wrâld net fange yn in rûn gehiel, mar wol er krekt rjochtdwaan oan de gaos om ús hinne.
Harmen Wind opLeeuwarder Courant schreef:Sytse Jansma hat oer it generaal dochs in nijsgjirrige toan en wol wat nijs dwaan mei de poëzij. Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.
Terpstra, Hedwig opEnsafh schreef:Sytse Jansma kin byskreaun wurde yn de rige fan ‘multitalinten’, dichters dy’t oan taal net genôch ha, lykas Anne Feddema, Elmar Kuiper. Hy skriuwt en makket films.
Terpstra, Hedwig (2010). Sytse Jansma: ‘Ik mei graach boartsje mei de wurklikheid.’, http://www.ensafh.nl/?p=12151
estra info
extra